Boargemaster Veenstra: "Feteranen fertsjinje ús respekt"

Sneon is de nasjonale feterane-dei mei in betinking yn Den Haag, mar freed wie der al al ien yn Fryslân. Op útnûging fan de Stichting Militairen-Veteranen Skarsterlân kamen feteranen nei De Jouwer foar in betinking by de Jouster Toer.
Boargemaster Fred Veenstra fan de Fryske Marren wie ien fan de sprekkers en ûnderstreke nochris it belang fan sokke betinkings. "Net allinnich feteranen út de Twadde Wrâldoarloch, mar ek Ynje-feteranen en jonge militairen dy't krekt werom binne út Maly, se fertsjjnje allegear ús respekt. Troch dat ek regionaal te dwaan, wurde der in soad minsken by belutsen".
Neffens Sytze Holtrop fan de organisearjende stichting, is it respekt foar de feteraan de lêste jierren bot tanaam. "As je sogge hoe't de Ynje-feteranen bygelyks weromkamen en hoe't der no oer praat wurdt, dan is dat in hiel ferskil!"