Militêren oefenje mei grutte ramp yn Thialf

23 jun 2017 - 20:25

Yn it iishockeystadion fan Thialf op It Hearrenfean wie freed in grutte militêre oefening. Yn it senario fan de oefening soarge in selsmoardterrorist foar tsientallen ferwûnen. De 43e Geneeskundige Compagnie út Havelte moast de slachtoffers sa gau mooglik helpe.

It doel fan de training wie dat de militêren sjen litte moatte dat se fluch hannelje kinne by in grutte kalamiteit. Neffens kommandant Reanne Eimers is dat goed slagge. "De eenheid heeft laten zien dat ze in staat zijn om op grote incidenten met veel slachtoffers slagvaardig te werk te gaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)