Nije oplieding foar it fleanen mei drones

23 jun 2017 - 19:42
In drone - Foto: Omrop Fryslân

ROC Friese Poort set ynkoarten útein mei in spesjale oplieding foar it fleanen mei drones. Se wurkje dêrfoar gear mei de spesjalisten fan de Dutch Drone Academy. De ûntwikkeling fan drones hat in behoarlike flecht naam yn de ôfrûne jierren. Dêrtroch is der in groeiend ferlet fan professionals.

Yn hieltyd mear beropsgroepen wurde drones foar ferskate doelen brûkt. Sa wurde bygelyks wynmûnen en lânbougrûn ynspektearre mei drones.

Trefwurden: 
drones ROC Friese Poort
(Advertinsje)
(Advertinsje)