Jonge rekket ferwûne nei sprong fan brêge
De plysje fan Snits warskôget derfoar om net fan brêgen ôf te springen. Tongersdei rekke in jonge ferwûne doe't hy fan in brêge sprong en op in boatsje terjochte kaam. Hy is mei ferwûnings nei it sikehús brocht.
It is dus gefaarlik, mar boppedat is it ferbean, seit de plysje, it skipfeartferkear mei net yn gefaar brocht wurde.