Selstraf foar riden mei drank op en misledigjen parkearwacht

23 jun 2017 - 16:38
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Easterwâlde hat trije wike sel krigen omdat er mei drank op riden hat. Ek hat er it ferkear yn gefaar brocht en in amtner misledige. De man ried ferline jier dronken om yn Hoogeveen. Dêr krige er spul oer mei twa manlju. Doe't er útnaaie woe, botste er tsjin in oare auto. De plysje pakte him koart dêrnei op, doe't er mei in pilske by ien yn de tún siet.

In pear moanne letter krige de man út Easterwâlde it mei in parkearwacht oan de stôk, dy't him in boete jaan woe. Dy krige flink wat skelwurden nei de holle. Foar beide fergripen moat de man no in pear wike sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)