Snitser stedsdichter Van der Veer is klear foar Mar-athon

23 jun 2017 - 16:30
Stedsdichter Henk van der Veer (uterst rjochts) en syn maten - Foto: Eigen kolleksje

It begûn allegear wat as in grap. Stedsdichter Henk van der Veer fan Snits dy’t mei syn maten hieltyd wer de kameraploech fan Omrop Fryslân tsjin it liif rûn as dy opnames makken by de training fan Mar-athon Sneek en Meer. Van der Veer wie wol serieus oan it draven, mar net fan doel om mei te dwaan oan de 7,5 kilometer dy’t jûn ferrûn wurdt. Mar dat docht er no wol. Sterker noch, hy jout jûn sels it startskot. Wy stelden fiif fragen oan de stedsdichter en hy antwurde fansels yn it Snitsers.

Do wiest al wol oan it draven, wêrom bisto dêr mei begûn?
Tegare met myn maten Kees Poiesz, Age Bootsma en Peter Schat waren wij al druk in trening foar de 4 Mijl fan Sneek. Púre útdaging om naast ut 7x7 foetbal op un half feldsje dat ik ok doën, nou us un echte spòrtieve prestasy del te setten. We hewwe dat folbrocht en ut gaf un fysike en mentale opkikker! Seker na myn 3 omleidings un paar jaar teruch.

Do bist 60 plus, kinst dit elkenien oanriede?
Iedereen mut dy afweging foar um self make. Foar mij betekent spòrten frijheid en ontspanning. Ut griist mij an at ik mannen fan myn leeftyd met dikke búken siën. Ut runnershive, ik had der foar dy tiid noait fan hoard, bestaat dus écht! Wij as ‘Ambassadeurs’ fan Sneek kanne ut elke 50+ anrade om te spòrten!

Unbedoeld krigest do en dyn freonen in byrol yn de items dy’t de Omrop makke oer de trainings û.l.f. Arjen Visserman. Hawwe jim in soad reaksjes krigen?
Stuk foar stuk hewwe we allemaal positieve reaksy’s had. Ik fan leeftydsgenoaten dy’t frage ‘is ut ok wat foar oans?’ Uteraard! Spòrt onder begeliding fan su’ kanjer en oud-tòpspòrter Arjen Visserman is altyd ferantwoard. We gaan nyt over grênzen heen!

It is sels sa út de hân rûn datst no it startskot jaan meie foar de 7,5 kilometer?
Dat is dan even un aardechheidsje en ik krúp dan even in de rol fan Stadsdichter, un titel dy’ andere mij geve. Ik sal foaraf un spesjaal skreven fers foarleze. Hier is ut begin:

Hé dou dêr, ja dou
In dyn fel kleurech fluorisearend hardlooppakje
En dyn súperhippe Nikes
Hestou wel us fan ut Runnershive hoard?

Dy dikke stoat endorfine
Dy’t as un gelukshòrmoan dyn
Frêle bealechje instroomt
Astou an ut draven bist?

Hoe is it mei de senuwen?
Earlek? Om fijf uur an de pan met makeroany, mar ik bin benaud dat ik gyn hap deur de stròt krije kan. Apart nou, binneje 60+ en dan nòch. We bliëve kwajonges, mar wel spòrtyf!

(Advertinsje)
(Advertinsje)