Autokoereur De Vries start op twadde rige yn Bakoe

Nyck de Vries © ANP
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits start dit wykein op de twadde rige by de Formule 2 race yn Bakoe. Yn de kwalifikaasjeraces einige De Vries freed op in keurich fjirde plak, wêrtroch't er sneontemoarn yn de twadde rige fan start gean mei. De kwalifikaasje yn Azerbeidzjan waard meardere kearen ûnderbrutsen troch in koade read. Sa moast racer Luca Ghiotti ôfheakje om't er in muorre rekke mei syn auto. Earder op de dei waard De Vries earste by de frije training.
De Vries wûn ein maaie de Formule 2 race yn Monako. Mei syn goede startposysje hat er ek yn Bakoe wer sicht op in poadiumplak.