Kampanje foar fokus op de dyk fan start yn Snits

Wethâlder Durk Stoker en deputearre Sietske Poepjes mei in groep bern
Yn Snits is freedtemiddei it startsein jûn foar in kampanje dy't der foar soargje moat dat alle ferkearsdielnimmers de holle by de dyk hâlde. De kommende moannen kinne minsken rûnom yn Fryslân ûnderfine hoe lestich it is om twa dingen tagelyk te dwaan, bygelyks autoride en mei de telefoan dwaande wêze. It kampanjeteam fan 'Focus op de weg' stiet fan 't simmer op merken en pleinen om dêr op te wizen.
Deputearre Poepjes jûch it startsein en krige it ek foar de kiezzen: sy moast in baltsje fange en tagelyk in rekkensom oplosse. En dat wie in hiele toer. De kampanje is opset troch it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân en Veilig Verkeer Nederland.