"Het ziet er soms zo ontzettend lullig uit..."

Moatte manlju by simmerske temperaturen yn de koarte broek nei it wurk kinne? Dy fraach doek fan 'e wike geregeld op. Under mear by Frânske bussjauffeurs: dêr lutsen manlike sjauffeurs út protest in rokje oan om't dy foar de froulike kollega's wol tasien binne.
Op de Ljouwerter freedsmerk waard dúdlik dat der hiel ferskillend oer tocht wurdt. "Het ziet er soms zo ontzettend lullig uit, mannen in korte broeken." Oaren fûnen krekt dat je dêr net te yngewikkeld oer dwaan moatte: "As de froulju in rokje drage meie, moatte de mannen yn 'e koarte broek kinne."
Foar in soad minsken spilet wol mei wàtfoar wurk it om giet. In krantebesoarger en merkkeapman meie earder yn de koarte broek as de dokter en skoalmaster, sa wie oer it generaal de gedachte. "Mar as je dan in koarte broek oandogge, dan wol graach in kreaze. Want as it waarm wurdt, fleant by in soad manlju de goeie smaak de doar út!"