KPN wol nije ploech opsette mei Sven Kramer

23 jun 2017 - 13:36

Reedrider Sven Kramer moat it boechbyld wurde fan in nije reedridersploech fan KPN. It telekombedriuw is fan doel om nei de Olympyske Spelen fan 2018 in eigen reedridersploech op te setten. Kramer hat yntusken befêstige dat hy benadere is troch KPN.

It hjoeddeiske kontrakt dat Kramer mei Lotto-Jumbo hat, rint nei de Olympyske Spelen ôf. Tsjin de NOS hat Kramer oanjûn dat hy alle opsjes noch iepenhâldt. "De ferwachting is wol dat ik noch ien of twa jier trochgean nei de Spelen", sa seit Kramer. KPN is op dit stuit de haadsponsor fan de KNSB. Dêr sil nei de Olympyske Spelen frijwol wis in feroaring yn komme.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer KPN
(Advertinsje)
(Advertinsje)