Fytser ferwûne by oanriding mei auto yn Ljouwert

© Kappers Media
In fytser is freedtemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Beatrixstrjitte yn Ljouwert. De fytser waard skept, bedarre ferfolgens op it foarrút fan de auto en dêrnei op de grûn. In ambulânse hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik hoe't de fytser der oan ta is. Sawol de fyts as de auto rekken flink skansearre. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanriding.