Utsette Afgaan Sami werom by gesin, mei ferbliuwsfergunning

De 23-jierrige Afgaan Sami is werom yn Ljouwert. Hy hat 7,5 moanne nei syn útsetting dochs in ferbliuwsfergunning krigen. Fia Afganistan, dêr't hy nei it útsetten wie, is hy nei de Nederlânske ambassade yn Yndia gien. Fan dêrút hat hy ynboargeringskursussen dien en út Ljouwert wei is alles yn gong setten om him werom te krijen nei Fryslân. Dat is lang om let slagge.
Utsetting
Op 2 novimber 2016 wie it in dramatyske dei foar Sami en syn freondinne Iris Walda. De twa hawwe al 7 jier in relaasje. Se wenje tegearre yn Ljouwert en hawwe in dochterke fan 2 jier. Dat wie foar de IND op dat stuit net genôch reden om him in ferbliuwsfergunning te jaan. Hy moast fuort. In soad minsken, ek de gemeente Ljouwert en boargemaster Ferd Crone ha yn it gewear west tsjin de útsetting mar dat holp net. Op de dei fan de útsetting gie Iris mei freonen en aksjefierders nei Schiphol om dêr noch in lêste glimp fan him op te pikken, mar ek dat slagge net mear.
Skiednis
Sami wie 14 jier doe't hy nei Nederlân kaam as allinnichsteande flechtling. Hy siet yn it azc yn Drachten en dêr learde er Iris kinnen. De twa krigen ferkearing en ferhuzen nei Ljouwert. Sami hie nei 9 jier yn Nederlân noch hieltyd gjin ferbliuwsfergunning. Doe't de twa in berntsje krigen, waard de need heger. De IND woe lykwols gjin fergunning jaan, fanwege it lege ynkommen fan Iris. Se hat in ûngelok hân en kin dêrom net folle wurk oan. De âlders fan Iris woene wol garant stean, mar dat wie foar de IND op dat stuit net genôch. Flechtlingewurk en ek de tsjerke en de gemeente Ljouwert setten har bot yn om Sami hjir te hâlden. De moannen nei de útsetting hawwe de ynstânsjes ek alles yn it wurk steld om de saak ta in goed ein te bringen. De gemeente Ljouwert hat Sami finansjeel stipe yn syn ûnderhâld yn syn ferbliuw yn Yndia.
Unwissigens
Sami en Iris hawwe in hiel ûnwisse tiid hân. Iris leaude eins net mear dat it slagje soe om herienige te wurden mei de heit fan har bern. De organisaasje Flechtlingewurk hat it stel hieltyd begelaat yn it proses om Sami werom te krijen. It wie in hiele papierewinkel dêr't Iris sels net goed mei út de fuotten koe. Se fûn it in swiere tiid en miste har freon bot. De stipe fan oaren holp har wol troch de tiid, mar de ûnwissigens wie somtiden te grut. Dan fielde se har behoarlik allinnich.
Yndia
Yntusken siet Sami yn Yndia en krige dêr de mooglikheid om ynboargeringskursussen te dwaan. Hy reizge sa út en troch ek nei Afganistan, mar dêr wie it neffens him gefaarlik. Der wurdt noch in soad fochten en bombardearre.
Stipe fan oaren
Troch de help fan Flechtlingewurk en finansjele stipe fan de tsjerke slagge it úteinlik dochs in ferbliuwsfergunning te regeljen. Ferline wike is Sami wer weromflein nei Nederlân en no is er wer by syn freondinne en bern. Tongersdei krige hy definityf syn ID-kaart en fergunning. It jonge gesin hopet no wer oan in takomst te bouwen. Sami wol graach oan it wurk en mei syn gesin in goed libben ha.
Belied
Neffens Flechtelingewurk bart it net in soad dat ien nei útsetting dochs wer legaal weromkomt. Sa út en troch wurdt op dizze wize hannele. It hat te krijen mei it "strange" talittingsbelied fan Nederlân. Afganistan wurdt net mear sjoen as gefaarlik. It Nederlânske regear stelt dat as de Nederlânske partner en de asylsiker byinoar wêze wolle, se ek yn it lân fan herkomst byinoar wêze kinne.
Sami en Iris kieze derfoar om net foar kamera's of mikrofoan te reagearjen. Dochs wolle se elkenien graach witte litte dat se tige bliid binne dat it úteinlik goed ôfrûn is foar harren en elkenien dy't harren stipe hat hiel hertlik tanksizze.