UPDATE: Stroomsteuring treft Balk en omkriten

23 jun 2017 - 10:48
Liander - Foto: ANP

De doarpen Balk, Harich en Aldegea yn Súdwest-Fryslân ha freedtemoarn te krijen hân mei in stroomsteuring. Sa'n 215 húshâldens sieten sûnt healwei tsienen sûnder stroom, meldt netbehearder Liander. In monteur hat it probleem om alve oere hinne wer oplost.

It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan de steuring wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)