Boeren Littenseradiel en Ljouwerteradiel ha soargen oer OZB

23 jun 2017 - 09:11

Boeren yn Littenseradiel en Ljouwerteradiel meitsje har soargen oer de gefolgen fan de weryndieling foar harren bedriuwsfiering. De bedriuwen wurde dalik yndield by Súdwest-Fryslân en Ljouwert, en hawwe dan te krijen mei hegere belestingen. Benammen op de OZB binne de ferskillen grut. Sa betelje bedriuwen yn Littenseradiel dalik 159 persint mear OZB belesting, en dy yn Ljouwerteradiel 80 persint.

Grutte impact

Neffens Gabe Schaaf fan LTO Littenseradiel hat de hegere OZB in grutte impact op boerebedriuwen: "Dit is in gigantyske taname. It bringt de kontinuïteit fan de bedriuwen yn gefaar. Foaral de lytsere bedriuwen kinne dit net samar opbringe."

Kompensaasje

De gemeenten wolle de boeren yn 'e mjitte komme mei in kompensaasje yn 2018, mar de boeren binne noch net tefreden. Neffens Gabe Schaaf soe der in kompensaasje fan tenminste trije jier komme moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)