Kollum: "Likes"

"Ferline wike hie ik in kollum oer ferslaafd wêze oan de mobile tillefoan en hoe’t guon bern dêrom te min oandacht krije en de sneons stie der in artikel yn ‘e krante oer âlden dy’t harren bern ynsette op social media foar de 'likes'.
Ja, jimme hearre it goed… de 'likes' en it liket wol oft dat foar guon minksen noch it iennichste is dat telt. Sa seach ik lêst in programma op ‘e tillefyzje oer lju dy’t bot mei har úterlik dwaande binne. Der wie in jonge fan in jier as 25 dy’t it leafste de hiele dei foar de spegel stie en selfies makke. As er mar 200 likes krige, wie syn dei nei de kloaten, mar as er mear as 700 hie, dan wie it libben in feest.
Wat my dan opfalt, is dat sokken eins allinnich mar mei harsels dwaande binne. Wat sil ik oandwaan, hoe sit myn hier, hokker pose nim ik oan foar de foto en hoefolle minsken soene dat 'like'? No, ik net. Ik fyn it sneu. Dit wie dan noch in folwoeksen keardel mar al dy earme bern mei likeferslaafde âlden hawwe gjin kar. Dy kinne faak noch net iens prate dus ek gjin ‘nee’ sizze.
Mar wat it moaie dêr fan is, is dat dy âlden har gong gean kinne. It skynt dat it meastentiids memmen binne dy’t soks dogge en as’t mar kreatyf genôch bist, kinst der ek noch jild mei fertsjinje. Wol oer de rêch fan dyn bern mar dat makket neat út, fierder. Se betinke alle dagen wat dy earme skât oan ha sil, der moat in leuk ferhaaltsje by en as’t dan mar genôch 'likes' en folgers hast dan kin sa’n bern wol model wurde foar in merk of krijst allegear klean fergees.
Ik begryp soks net. Sokke memmen binne wol mei har bern dwaande, de manier wêrop liket my net sûn. Want it giet benammen om úterlik fertoan. Mar in bern hat ek in siel, in karakter en hoe sit it dêr mei? Stel no dat dyn bern net sa perfekt is as guon oaren of der net fan hâldt om 100 kear op in dei ferklaaid te wurden… dat sil dan wol in grutte teloarstelling wêze.
En alles moat fansels fêstlein wurde. De earste stapkes, de earste kear op ‘e pot pisje en dat allegear troch de eagen fan de âlden besjoen… achter in tillefoan wei. ‘Oh! Sy pisset op it postje! Gau, in foto! Dan krije wy grif in soad likes!’ En dan is de foto krekt te let makke en moat it bern wer op dy pot. ‘En no sitten bliuwe!’ Famke gûle, mem segrinich mar bingo! 1.000 likes en hooplik wrâldferneamd. Mei it sjitten fan de perfekte plaatsjes sjitte je as âlder tagelyk je doel in moai ein foarby.
It skynt dat der ek in soad BN’ers binne dy’t harren bern ynsette op social media mar dy folgje ik net. Ik begryp ek net wêr’t minsken de tiid wei helje om eltsenien te folgjen. Bloggers, vloggers, foodies en wit ik wat mear. As je no sa simpel wurden binne troch al dizze waansin en net sels mear betinke kinne hokker klean je oan ha moatte of wat je ite sille, dan wurdt it miskien heech tiid foar in goede psychiater… Mar hé, dat sil op himsels ek wol wer in soad likes opsmite. Gau belje en in ôfspraak meitsje!
‘Liken’… it is krekt sa skreaun as liken yn it Frysk. En dat is presies wat der no bart. Minsken gean oer liken foar de 'likes'."