LTO: Brûk lânbougrûn foar lânbou, net foar sinneparken

Boeren soargje foar hieltyd mear duorsume enerzjy. Op it stuit komt 42 persint fan griene enerzjy út de agraryske sektor. Lanbou-organisaasje LTO Noord wol dat persintaazje noch ferheegje. Mar as lânbougrûn mear en mear brûkt wurdt foar bygelyks sinneparken, dan komt de produksje fan iten, feefoer en grûnstoffen yn gefaar.
LTO oerlanget in fisydokumint hjiroer oan deputearren fan de trije noardlike provinsjes. Dêryn stiet hoe't de agraryske sektor de enerzjy- en klimaatdoelstellingen op gemeentlik, provinsjaal en regionaal nivo stypje kin.