Natuerbrân op Skylge troch drûchte

Natuerbrân © Omrop Fryslân
Yn in natuergebiet oan de noardkant fan Skylge hat tongersdeitenacht brân west. It fjoer bruts om alve oere tongersdeitejûn út. Der stie in gebiet fan 400 fjouwerkante meter yn 'e brân. De brânwacht hie muoite om it fjoer te trasearjen, omdat de brân op in tige dreech te berikken part fan it eilân wie. Ien fan de brânwachtauto's koe dochs noch aardich ticht yn de buert fan de brân komme, fia it strân. Fierder binne trekkers en jarretanks ynset. Om trije oere hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.
Rêdingsmaatskippij KNRM hat holpen mei it blussen fan de brân. Ek in pleatslik leanbedriuw sprong by. Mei in fleantuch fan de kustwacht koe troch in waarmtebyldkamera de brân yn kaart brocht wurde. Steatsboskbehear hat de lokaasje de hiele nacht kontrolearre.
Ek freed en de kommende dagen hâldt Steatsboskbeheer ekstra tafersjoch op gebieten wêr't kâns op brân is troch drûchte.