Van Klaveren krijt muzykfestival kado by ôfskied: Klaverpop

22 jun 2017 - 22:37

Klaverpop: in nagelnij muzykfestival foar de skoaljeugd yn Weststellingwerf. Dizze muzykwedstriid is in ôfskiedskado foar boargemaster Gerard van Klaveren. Van Klaveren is grut muzykleafhawwer, en hie al oanjûn dat er gjin ôfskiedskado hoechde. Mei de donaasjes dy't binnenkaam wiene, koe de muzykwedstriid opset wurde.

It is earst de bedoeling dat it foar ien kear is, mar de hoop is wol dat it in nije tradysje wurdt yn de gemeente. Klaverpop wurdt organisearre troch Friesland Pop en moat yn de maitiid fan 2018 organisearre wurde.

Yslân

Njonken de bekendmakking fan it nije muzykfestival, waard Van Klaveren ek noch yn it sintsje set troch de band Vax út Yslân. De band wie spesjaal foar it ôfskied oerflein: "Now you have time to be our manager fulltime", sei de leadsjonger tsjin van Klaveren.

Brok praat Stellingwarfs

It wie yn mear opsichten in opmerklik ôfskied. Kommissaris Arno Brok begûn syn taspraak yn it Stellingwerfsk en ek dat wie in primeur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)