Kleanbus moat sosjale kontakten yn SW-Fryslân fersterkje

22 jun 2017 - 22:11

Yn gearwurking mei de kleanbank yn Boalsert hat in groep frijwilligers in âlde lijnbus út Dútslân sa ynrjochte dat minsken der klean keapje kinne tsjin in frijwillige bydrage. Mar der is ek boartersguod te krijen, skuon en boeken. En it wurdt in mobyl sosjaal moetingspunt. Inisjatyfnimmer Kees van Kordelaar, diakonale opbouwurker yn Boalsert, kaam op it idee troch de sosjale kontakten dy't ûntstiene by de kleanbank. Fan 3 july ôf rydt de kleanbus yn Súdwest-Fryslân op fêste rûtes en komt ûnder oare by âldereinsintra del.

​Nominaasje

De kleanbus is nominearre foar de Kans-Inspiratieprijs fan it Kansfonds en de KRO/NCRV. Sneon hearre se as se wûn ha fan de oare nominearre diakonale projekten.

Trefwurden: 
kleanbus Súdwest-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)