Skoalbern iepenje Kulturele Haadstêd 2018 mei spesjaal liet

23 jun 2017 - 07:00

In spesjaal LF2018-liet foar alle basisskoallen, in orkest dat bestiet út tsientallen lytsere orkesten, en in spesjale tema-tentoanstelling yn meardere musea tagelyk. Dat binne de yngrediïnten foar it offisjele iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. De offisjele iepening fynt plak op 26 en 27 jannewaris.

Op de freed krije basisskoalbern út de folsleine provinsje de kâns om mei te sjongen mei it LF2018-liet fan Sytze Pruiksma en Nynke Laverman. Op dyselde dei wurde bysûndere objekten tentoansteld yn ferskate Fryske musea en by minsken thús. Dizze saken hawwe allegearre wat te krijen mei Iepen Mienskip.

Op de sneon leit de fokus op Ljouwert dêr't rûnom yn de stêd ûnferwachte optredens en presintaasjes plakfine sille. It hichtepunt dêrfan is in grut muzykspektakel wêrby't tsientallen korpsen en koaren mei-inoar gearwurkje sille om ien grut orkest te foarmjen. Se dogge dit yn de binnenstêd fan Ljouwert en spylje it LF2018-liet dat de dei dêrfoar ek útfierd is troch de basisskoalbern.

(advertinsje)
(advertinsje)