Rêdingboat rukt út foar jacht yn need by It Amelân

22 jun 2017 - 21:10

In djoer jacht is tongersdeitejûn troch noch ûnbekende oarsaak lek rekke en yn need kaam by It Amelân. De KNRM is drok dwaande om it heal sonken jacht te rêden. It skip leit op it stuit op ûngefear 100 meter fan it strân. It Dútske echtpear dat op de boat oanwêzich wie, hat in needoprop dien, mar wegere yn earste ynstânsje help. In lokale berger fan It Amelân kaam op de needoprop ôf en bea oan om it skip leech te pompen, mar dat woe it echtpear net.

It skip leit no yn de brâning, mooglik wurdt mei leechwetter sjoen hoe't it skip fuortlutsen wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)