Besiker finzenis Ljouwert oanhâlden foar meinimmen drugs

22 jun 2017 - 20:25

In besiker fan de finzenis yn Ljouwert is tongersdei oanhâlden foar it meinimmen fan drugs. By in kontrôle ûntduts it befeiligingspersoniel dat de besiker drugs by him hie. De man is oanhâlden en oerdroegen oan de plysjes dy't yn de finzenis oanwêzich wiene. Op it plysjeburo die bliken dat de fertochte hasj en weed by him hie.

De fertochte hat útlis krigen oer wat de gefolgen binne fan drugs binnen de muorren fan in finzenis. Hy hat syn ekskús oanbean en mei trije moanne net yn de finzenis op besite komme.

Trefwurden: 
drugs finzenis Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)