Crone: Deadlike stekpartij wie net te foarsjen

22 jun 2017 - 18:48

De 31-jierrige fertochte dy't tongersdeitemiddei yn Ljouwert syn mem deastuts en syn heit swier ferwûne hat, hat yn it ferline psychyske problemen hân. Der wie lykwols al langere tiid gjin reden mear om de man te behanneljen. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert. Fuortendaliks nei de stekpartij hat der oerlis west tusken de gemeente, de plysje, justysje en de GGZ. Der wiene fanút de ynstânsjes gjin oanwizings dat der in risiko wie dat der sa'n soarte drama barre koe.

De famylje wie goed yntegrearre yn de wyk, wêrtroch't de skok des te grutter is by de omwenners, sa seit boargemaster Crone. De wykplysje en minsken fan de gemeente binne oanwêzich om mei de buertbewenners te praten. Der wurdt noch sjoen oft der behoefte is oan in gearkomste yn de buert, om oer it drama te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)