Fries rydt nei wrâldrekôr mei sinne-auto

Wietse Bouwmeester fan fan De Knipe hat in nij wrâldrekôr te pakken mei in sinne-auto by de Nuon Solar Challenge. Mei it team fan de TU Delft hat er woansdei 882 kilometer riden yn 12 oeren. De sinne-auto rydt folslein op sinne-enerzjy. "It waar siet o sa mei. Alles gie hartstikke goed!", seit Bouwmeester.
It team makket him klear foar de solar challenge, it wrâldkampioenskip, yn Australië yn oktober. Se nimme it dêr op tsjin teams fan oer de hiele wrâld yn in fiif dagen duorjende wedstriid oer 3.000 kilometer. Bouwmeester tinkt dat se dêr it wrâldrekôr noch fierder oanskerpje kinne: "Ik skat ús kânsen hiel goed yn!"