Automobiliste út Hallum krijt boete foar oanriding

Fytster ferwûne by oanriding yn Hallum © Kappers Media
In 25-jierrige ynwenster fan Hallum hat tongersdei troch de rjochtbank in boete fan 500 euro oplein krigen foar in oanriding. De helte fan de boete is ûnder betingst. De Hallumse ried yn febrewaris fan ferline jier in doe 64-jierrige fytster oan. It slachtoffer waard mei letsel oan de holle en in brutsen kûtbonke oerbrocht nei it sikehûs.
Neffens de rjochtbank hat de frou út Hallum gefaarlik riden, om't se in bocht te koart naam. De rjochtbank hat der rekken mei hâlden dat de frou fuortendaliks har ekskús oanbean hat oan it slachtoffer. Ek wie de behanneling fan de saak troch in mearfâldige keamer in swiere belêsting foar de fertochte. Gewoanwei wurde dit soart saken troch in kantonrjochter behannele.