Brânwacht hat natuerbrân op Flylân gau ûnder kontrôle

22 jun 2017 - 17:01
Brânwacht yn aksje foar de brân op Flylân - Foto: Boskwachter Anke Bruin-Kommerij

Der hat niiskrekt in natuerbrân west yn in stik bosk oan de Postweg op Flylân. It gong om in brân op in iepen plak yn de bosk, mooglik troch de ynslach fan de bliksem. Fanwege de drûchte waard der opskaald nei in middenbrân. By it bestriden fan it fjoer waard ek gebrûk makke fan saneamde fjoerswipen. De skea bleau úteinlik beheind ta in stikje natuer fan tsien by tsien kante meter.

De ôfrûne tiid is bot warskôge foar it brângefaar yn de natuergebieten op de waadeilannen. De oanhâldende drûchte soarget derfoar dat der mar in lyts fonkje nedich is foar in grutte brân.

Trefwurden: 
natuerbrân Flylân
(Advertinsje)
(Advertinsje)