Wonen Noordwest Friesland nimt 142 hûzen oer fan Elkien

Wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland nimt 142 hûzen oer fan kollega-korporaasje Elkien. It giet om hûzen yn Winsum, Wjelsryp en Spannum. Dy doarpen lizze yn it gebiet dat takom jier opgiet yn de nije gemeente De Waadhoeke. Wonen Noordwest-Friesland is dêr aktyf.
Elkien wol him mear rjochtsje op de gruttere doarpen en stêden yn syn wurkgebiet, Ljouwert, Snits en De Gordyk. De oerdracht is dêrom logysk, sizze beide korporaasjes. De nije situaasje giet yn per 1 septimber. Foar de hierders feroaret der neat.