Drachtster krijt wurkstraf foar seks mei famkes

22 jun 2017 - 16:41

In man fan 21 jier út Drachten hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen, omdat er twa jier lyn seks hân hat mei twa famkes fan 13 en 15 jier. De man hie de twa famkes meinaam nei syn hûs. De jongste hat dêrnei oanjefte dien, omdat de man har twongen hie om seks te hawwen. De fertochte hat dat ek bekend.

De offisier fan justysje hie in heal jier sel easke. Dêr gie de rjochter net yn mei, omdat mei in finzenisstraf de Drachtster net fierder kin mei syn oplieding. Hy komt wol ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

Trefwurden: 
wurkstraf seks
(Advertinsje)
(Advertinsje)