Assistint-trainer Johnny Jansen langer by SC Hearrenfean

22 jun 2017 - 16:27
Assistint-trainer Johnny Jansen - Foto: AWfoto.nl

Assistint-trainer Johnny Jansen hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei in jier ferlinge. Hy rjochtet him ek it kommende seizoen op it trochstreamen fan de jeugd nei úteinlik de earste seleksje.

Technysk manager Gerry Hamstra fan Sportklup Hearrenfean is bliid dat Jansen langer bliuwt. Hy hat de ôfrûne jierren bewiisd dat er in goeie trainer is, seit Hamstra. Hy hat each foar de individuele plannen foar jeugdsplers en wit se ek goed ta te rieden op it grutte wurk by it earste, seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)