Koade oranje yn Drents-Friese Wold om brângefaar

22 jun 2017 - 16:01
De sinne komt op boppe it Drents-Friese Wold - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foar it Drents-Friese Wold jildt koade oranje fanwege brângefaar. Dêr warskôget de gemeente Eaststellingwerf foar. It is hiel drûch yn de bosk en dêrtroch kin maklik brân ûntstean.

Koade oranje betsjut dat der kâns is dat der in natuerbrân ûntstiet dy't him gau útwreidzje kin. Bij koade oranje is it ferbean om fjoer te meitsjen yn de natuer. Smoke wurdt ôfret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)