Selstraf foar dief dy't tweintich fleskes parfum pikt

22 jun 2017 - 15:49
Foto: ANP

In man út Drachten moat tsien dagen de sel yn omdat er tweintich fleskes parfum stellen hie by in drogisterij. De man wie der earst mei weikaam, mar doe bea in frou de parfum oan fia Facebook. In meiwurkster fan de drogisterij seach dat en sa kaam de plysje de fertochte op it spoar. Hy krige doe in wurkstraf fan tritich oeren, mar dêr hat er mar njoggen fan folmakke. Omdat er syn straf net útfierd hat, moat er no tsien dagen sitte.

Trefwurden: 
dief Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)