FIDEO: Iepenloftspul Bakkefean set útein

Lambertus van Drooge wie skoalmaster yn Bakkefean fan 1870 ôf. Yn it iepenloftspul fan Bakkefean stiet der ien fraach sintraal: wêrom is Van Drooge altyd yn Bakkefean bleaun? Hjoed is de premjêre fan it iepenloftspul 'It Van Drooge mystearje'.
Master Van Drooge naam de bern mei nei bûten foar in leske 'kennis der natuur', of hy gong mei de klasse te sjongen by de Slotpleats. Ek folwoeksenen joech Van Drooge les yn mjitkunde en astronomy, mar toaniel hie ek syn belangstelling. Hoe joech master van Drooge les en wêrom hiene hy en syn frou Geertje ek noch kostgongers yn hûs?
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.