Kollektant út Noardburgum frijsprutsen fan oplichting

22 jun 2017 - 15:01
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In frou út Noardburgum is frijsprutsen fan oplichting. Se moast foarkomme om't se kollektearre hie foar in goed doel: se bea fioeltsjes en Peaskebôlen oan. Minsken koene by bestelle, mar de frou levere se net. Minsken dy't wat by har besteld hiene, diene dêrom oanjefte.

De frou hie tsjin de plysje én de dupearren sein dat se jild ophelle om de drumlessen fan har soan te beteljen. Se hie fan plan west om de blommen en bôlen echt te leverjen.

De rjochter spruts har frij omdat de plysje nea echt goed ûndersocht hat oft it allegear kloppe wat de frou sei as ferdigening fan wat se dien hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)