FIDEO: It iepenloftspul fan Easterwierrum set útein

It Berneiepenloftspul Easterwierrum nimt har taskôgers dit jier mei werom yn de tiid yn. Sa’n hûndert jier werom yn de tiid, nei de havenstêd Rotterdam. Hjoed set it iepenloftspul 'Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân' útein.
Dêr yn dy stêd oan 'e rivier de Maas, bekend om syn Euromast en syn rykdom, wennet Pietje Bell. Hy lûkt him niks oan fan earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him derby is it noait saai. Pietje wurket op 'e drukkerij en him kennende kin it noch wolris in binde wurde. Seker as bekend wurdt dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem Alexander) op besite komt yn Rotterdam mei har dochterke de kroanprinsesse Juliaantje.
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.