Ljouwerteradiel hat de measte fuotbalsters fan Nederlân

22 jun 2017 - 14:30

De gemeente Ljouwerteradiel hat prosintueel de measte froulike fuotballers fan Nederlân. Goed in kwart (25,5%) fan alle fuotballers yn dy gemeente is frou. Dat docht bliken út ûndersyk fan it fuotbalbûn KNVB oer it ôfrûne jier. It hiele noarden fan Fryslân skoart goed wat it tal froulike fuotballers oanbelanget.

Op it twadde plak yn de lanlike list stiet de gemeente Nerijnen (24,2%) en op it tredde plak Baarle-Nassau (23,2%).

Kaart mei it persintaazje fuotbalsters per gemeente

VIOD koprinner Fryslân

VIOD út Driezum yn de gemeente Dantumadiel is de Fryske klup mei persintueel it grutste tal fuotbalfroulju. By dizze klup is hast 40 persint frou. Se stean dêrmei lanlik op it fjirde plak.

Skiermûntseach skoart goed

Op Skiermûntseach binne it ôfrûne seizoen de measte doelpunten makke per wedstriid. De iennige klup op it eilân, VV De Monnik, skoarde gemiddeld 3,375 kear per wedstriid. Krekt dêrefter, op it twadde plak, stiet de gemeente Steenbergen (3,374) en tred is de gemeente Rijswijk mei gemiddeld 3,235 doelpunten per wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)