Deade en swier ferwûne by famyljedrama yn Ljouwert

22 jun 2017 - 13:14

By in stekpartij yn Ljouwert is tongersdei in frou om it libben kaam en har man swier ferwûne rekke. Neffens de plysje giet it om in famyljedrama. De 31-jierrige soan fan it echtpear is oanhâlden. De stekpartij wie yn de wenning fan de âlden oan de Bereklauw yn de Ljouwerter wyk Aldlân. De oanhâlden fertochte is ek ferwûne en nei it sikehûs brocht.

Mes fûn

De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is. De fertochte soe psychyske problemen hawwe. De plysje hat in mes fûn flakby de wenning oan de Bereklauw en ûndersiket oft it brûkt is by de stekpartij.

Skokt

Foar de buertbewenners is it famyljedrama "in enoarme skok". Neffens harren hat der noch nea earder rûzje west by it gesin. "Het was een hele rustige en goede familie", sa seit in buorman.

Trefwurden: 
stekpartij deade
(advertinsje)
(advertinsje)