"Fryske taalhelpmiddels binne fierstente ûnbekend"

22 jun 2017 - 13:03

As je net sa goed binne yn it skriuwen fan Fryske teksten dan is der help. Op ynternet kin je tal fan websiden of apps fine dy't je helpe kinne by in goede Fryske tekst, lykas de staveringshifker, de Fryske Google Translate, on-line wurdboeken en oersetprogramma's en folle net genôch. De provinsje ynvestearret hjir ek stevich yn, mear as oardel miljoen euro. Mar de measte Friezen witte hielendal net dat dizze helpmiddels besteane. Dit is ien fan de konklúzjes fan taalwittenskipper Anna Fardau Schukking yn har ôfstudearûndersyk nei de bekendheid, it gebrûk en ferlet fan de Fryske taalhelpmiddels.

Schukking presintearre har ûndersyk en konklúzjes tongersdei op it Provinsjehûs. Neffens Schukking is it yn Wales sa dat by it meitsjen fan in nije app of helpmiddel ferplichte 10 oant 15 % fan it budzjet bestege wurde moat oan promoasje. It liket Schukking tûk om dat yn Fryslân tenei ek sa te dwaan. Se tinkt dat Friezen, en seker it ûnderwiis, de helpmiddels wol brûke wolle, mar dan moatte se wol wite dat se der binne. By de presintaasje liet in meiwurker fan de provinsje trochskimerje dat der mooglik wol budzjet is om de taalhelpmiddels better bekend meitsjen.

Trefwurden: 
Frysk taalhelpmiddels
(advertinsje)
(advertinsje)