Garnalefiskers Peazens-Moddergat wolle better imago

22 jun 2017 - 12:00

It giet wer wat better mei de garnalefiskerij. Dat seit fisker Johan Seepma. Hy wol dat boadskip sneon ek útdrage, want dan is it de Dei fan de Fiskerij. De garnalefiskerij wie gauris net al te posityf yn it nijs. De fangst hold net oer en der wie ek krityk op de fiskers. Dy soene net duorsum genôch wurkje. Mei de fangst en de prizen giet it de goeie kant út en as it giet om duorsum wurkje. Neffens Johan Seepma dogge de garnalefiskers dat al lang.

Dei fan de Fiskerij

No sneon stiet yn Peazens-Moddergat de Dei fan de Fiskerij op it programma. Noardeast-Fryslân hat in float fan tritich garnalefiskers en ien fisker op kreeft en skol. Dizze float wurdt beskôge as duorsume float, omdat se mei spesjale seefnetten fiskje en sa de byfangst mei 80 prosint nij ûnderen helje..

Sneon sille twa fiskersboaten sa ticht mooglik by de kust fan Peazens-Moddergat besykje te kommen. It doel is om dat foar it earst sûnt 1943 garnalen oer de seedyk oan te fieren.

Trefwurden: 
garnalefisker garnaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)