Boargemaster Gerbrandy: "Minsken fiele har net heard"

22 jun 2017 - 11:50
It midsimmerpetear wie bûtendoar - Foto: Binne-Louw Katsma

Boargemaster Gerbrandy fan de gemeente Achtkarspelen makket him soargen oer it polityk bedriuw. Neffens him fiele minsken har net fertsjinwurdige en net heard. Dat sei er woansdeitetejûn yn syn taspraak op de alderearste midsimmermoeting yn de gemeente. Dy kaam yn it plak fan de nijjiersresepsje.

Gerbrandy fynt dat de polityk neitinke moat oer syn krekte rol en dêrby net benaud wêze moat om te eksperimintearjen: "Minsken fiele harren net ferstjinwurdige, net heard! De polityk moat neitinke oer de represintative demokrasy. Der binne in hiel soad ideeën. Dizze moatte útwurke wurde troch de riedswurkgroep Ried fan de Takomst. Wês net bang om te eksperimintearjen."

De midsimmermoeting woansdei wie bedoeld foar ynwenners, ferienings en ûndernimmers yn de gemeente. Der kamen goed 200 minsken op ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)