Noard-Nederlân bondelet krêften foar bettere arbeidsmerk

© ANP XTRA
Alve bedriuwen en ynstellingen yn Fryslân, Grinslân en Drinte sille gearwurkje op de regionale arbeidsmerk. Dêrfoar hawwe se harsels feriene yn it Mobiliteitsnetwerk Noord Nederland. It is de bedoeling dat hjir úteinlik mear as hûndert bedriuwen by oansletten binne.
De gearwurking moat it makliker meitsje om ûnderling personiel út te wikseljen, jong talint binnen te heljen en âldere meiwurkers sûn oan it wurk te hâlden. It Mobiliteitsnetwurk is woansdei offisjeel fan start gien by it UWV yn Ljouwert.