Brân yn Snitser flat gau ûnder kontrôle

© CAMJO media
Yn Snits is tongersdeitemoarn brân útbrutsen op de fyfde ferdjipping fan in flat fan 8 heech op de Potterzijlstrjitte. It gie om in middenbrantsje, mar de brânwacht rukte út mei ferskate auto's omdat it om in brân yn in flat gie. Alle bewenners wiene der op tiid út.
It slagge de brânwacht om it fjoer binnen in heal oere út te krijen. Neffens de brânwacht ûntstie der net al tefolle skea. De ynset fan Salvage foar it regeljen fan de skea is dêrom yn dit gefal net nedich.