PvdD: Greidefûgels binne de dupe fan de Heak om Ljouwert

22 jun 2017 - 10:41
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It liket derop, dat greidefûgels de dupe wurden binne fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren wol dêroer opheldering fan Deputearre Steaten en hat skriftlike fragen steld. By de oanlis fan de Heak binne neffens de partij 155 briedpearen ferlern gien. De provinsje hie dat kompensearje moatten.

It oantal greidefûgels rint al jierren werom. Omdat de provinsje seit dat it herstel fan de populaasje wichtich is, kin it net sa wêze dat it der by eigen projekten net genôch rekken mei hâldt, fynt steatelid Rinie van der Zanden. De provinsje hat fan it ryk 3,5 miljoen euro krigen foar greidefûgelkompensaasje by de oanlis fan de Heak om Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)