Kening en Keninginne begjinne steatsbesite yn Friezetsjerke

Kening Willem Alexander en Keninginne Máxima binne tongersdei harren steatsbesite oan Vaticaanstêd begûn mei in besite oan de Friezetsjerke yn Rome. De Chiesa dei Frisoni út 1140 wurdt sjoen as in symboal fan de iuwenâlde histoaryske bân tusken Nederlân en de Hillige Stoel. De Kening en de Keninginne binne yn de tsjerke ûntfongen troch biskop Hurkmans. Hy hâldt hjir alle wiken in Nederlânske mis. De Friezetsjerke stiet op it plak dêr't al sûnt de 8e iuw pylgers út de lege lannen har sammelje. Yn de tsjerke hingje in Fryske en in Nederlânske flagge.

De Kening en Keninginne geane oanslutend op audiïnsje by Paus Franciscus. Nei ôfrin fan de besite krijt de Kening yn de Biblioteca Apostolica in stêf dy't nei alle gedachten fan Willem van Oranje west hat. De befelhawwersstêf soe troch de Spanjaarden bút makke wêze by de striid tsjin de Nederlânske opstannelingen by de slach op de Mookerheide yn 1574. De baton draacht it wapen fan Willem van Oranje en wurdt oan Nederlân yn brûklien jûn. Fan april oant oktober 2018 wurdt de stêf útstald yn it Nationaal Militêr Museum yn Soesterberg.