Kollum: "Uber is evil"

22 jun 2017 - 10:24

"Ja, ik gean der net oer. Mar neffens my stiet de twadde ynternetbubbel op knappen. Juster kaam it nijs dat de betinker en topman fan taksytsjinst Uber, Travis Kalanick, opstapt is. Einlik, is de teneur.

Kalanick leit al in skoft ûnder fjoer; de bedriuwskultuer by Uber is fersykt. Kalanick is seksistysk en skept yn ynterviews op oer syn froulike feroveringen. Uber neamt hy Boober. Dat is in grap, mar it giet folle fierder.

Yn 2014 waard yn India in frou ferkrêfte troch in Uber-chauffeur. Tegearre mei in oare Uber-topman krige Kalanick op ien of oare manier ynsjoch yn de medyske skiednis fan de frou. Hoe’t hy dêr oan kaam is ûndúdlik, mar dit is in grouwélige ynbrek op de privacy en dan ha we it noch net oer basale etyske noarmen. De frou wie ferkrêfte, mar in weardige minsklike reaksje fan Kalanick of Uber, wie net te ferwachtsjen.

Hjir bliuwt it net by. Der is in opname fan in gearkomste fan kommissarissen fan Uber. 

Kommissaris David Bonderman makket in hiel âlderwetske en domme seksistyske opmerking oer froulju, dat wannear’t dy yn de top komme, der folle mear babbele wurdt. En ried ris wêr’t dizze gearkomste oer gong? Krekt. Seksisme. It is in bedriuw dat fergiftige is, mei macho durfkapitalisten en sosjaalbeperkte kompjûternerds.

Dan is der noch de sels ridende auto fan Uber dy’t oer de kop fleach, foarich jier. En koart lyn ried der sa’n auto troch read ljocht, út himsels. Nee, twa sels ridende Ubers diene dat. En de striid mei oerheden en taksybedriuwen oeral op ‘e wrâld. Yn plak fan saken netsjes te regeljen en fergunningen oan te freegjen - sa’t wy allegear moatte - begjint Uber gewoan en hopet dat de wâl it skip keart. Sa net, dan is harren bedriuw wol safolle jild wurdich, dat it in knappe gemeentlike juridyske ôfdieling ferget om harren advokaten ôf te warren. Dat kinne do en ik ek net, hoe 'disruptive' we ek binne.

Noch gjin trije jier lyn rôp de JOVD Fryslân de gemeente Ljouwert op om Uber legaal te meitsjen. Want, sa skriuwt de JOVD: It is in modern alternatyf foar de reguliere taksytsjinsten, goedkeaper, sosjaal en elkenien kin wat byfertsjinje as sjauffeur. Nije tiden, bliuw net achter, Ljouwert!

Dat is faak de teneur. Freonen fan my begripe ek wier net wêrom ik de Uber-app net op myn telefoan ha. No, omdat Uber elkenien mei dy app oeral folget, ek wannear’t je de app ferwidere hawwe. En omdat de sjauffeurs fan Uber minder fertsjinje as it minimum lean, sa berekkene Buzzfeed, en dan te betinken dat it net iens lean is, om’t sjauffeurs net yn tsjinst binne.

Tiid dat de JOVD in nij stik op harren webside set.

Uber is evil, sis ik altyd tsjin freonen. It hat de air fan Silicon Valley, disrupsje, nije ekonomy, nije tiiden, en blomme oeral. Mar se wringe de ûnderklasse ûnferbidlik út, ten geunste fan harren sels en dy ferrekte hipsters dy’t goedkeap mei taksys wolle sûnder harren der yn te ferdjipjen mei watfoar fergiftige bedriuw se te meitsjen hawwe. 

Uber. AirBnB. Facebook. Google. Tinder. Neam it mar op. Se binne allegearre miljarden wurdich op de beurs. Mar it is in bubbel. Sunich oan komme minsken te witten watfoar bedriuwen dit eigentlik binne en dat it neat te krijen hat mei hip, nij en fris. It is agressyf, bút minsken út en operearret yllegaal of op de râne fan it legale. 

De Financial Times skriuwde twa wiken lyn noch: nimmen dy’t goed en fout ek mar in bytsje skele kin, soe de Uber app op de telefoan hâlde moatte.

De topman is no opstapt, mar de fraach is hoe't Uber dit oerlibbet. My bêst. Welk bedriuw út de bubbel is de folgjende?"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)