Plysje: Hingje op as 'Microsoft' bellet

By de plysje yn Noard-Nederlân binne sûnt begjint dit jier al mear as hûndert oanjeftes binnenkaam fan minsken dy't benadere binne troch kriminelen dy't telefoanysk kontakt sykje út namme fan Microsoft. It giet om lju dy't sa besykje om yn te brekken op kompjûters fan minsken. De plysje jout dêrom noch in kear in dúdlike warskôging: Hingje fuortendaliks op as der ien bellet út namme fan Microsoft.
Betelje
De sabeare Microsoft-minsken belje minsken op yn it Ingelsk mei it ferlegje dat der wat mis is mei de kompjûter. Se sizze bygelyks dat de kompjûter in firus hat, in update nedich hat of dat de lisinsje ferrûn is. Mei dat ferlegje freegje se minsken om hannelings op de pc út te fieren. Om helpe te kinnen freegje se de minsken om in programma te ynstallearjen sadat se de kompjûter oernimme kinne.
Foar alle technyske help moat ek betelle wurde. De 'Microsoft-meiwurker' stelt dêrom foar om iTunes betelkaarten te keapjen en de koade dêrfan troch te jaan. Mar der wurdt ek wol frege om streekrjocht jild oer te meitsjen fanôf de bankrekken. De kosten fan de levere 'help' kin wol oprinne oant tsientûzenen euro's.
Hûndert oanjeftes
De plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte hat dit jier oant no ta al mear as hûndert oanjeftes fan oplichting krigen. It skeabedrach is yntusken al oprûn oant mear as 138.000 euro. It cybercrimeteam fan de plysje Noard-Nederlân is dwaande mei in ûndersyk nei dizze foarm fan kriminaliteit. Hjirby wurdt gearwurke mei Interpol.
Ophingje
De plysje freget minsken dy't dochs it petear oangean mei de 'Microsoft-meiwurkers' om foaral nammen en telefoannûmers op te skriuwen en dy oan de plysje troch te jaan. Om it hielendal felich te hâlden is it noch better om fuortendaliks op te hingjen. De plysje heakket der oan ta dat it bedriuw Microsoft yn prinsipe nea yndividuele kompjûterbrûkers thús opbellet.