Wetterferbrûk Fryslân giet rjochting 'grinzen kapasiteit'

De lêste echt goeie reinbui yn Fryslân is al hast twa wiken lyn. En sadwaande wurdt it aardich drûch. It liket ek de kommende wiken liket it noch altyd behoarlik droech te bliuwen. De tún sproeie of in frisse douche nimme bliuwt mooglik, mar leaver net allegearre tagelyk. Doeke Schippers fan Vitens sjocht it leafst dat de minsken yn de 'wetterferbrûk-spitsoeren' tusken 7 en 9 oere jûns it wat kalmer oan dogge mei wetterferbrûk. Dat kin troch bygelyks de waskmasine nachts draaie te litten of earder of letter te douchen. "As elts tagelyk wetter brûke wol, kin dat foar problemen soargje."

Fryslân hoecht foarearst noch net benaud te wêzen foar 'Brabânske tastannen'. Yn dy provinsje wurdt de minsken op guon plakken frege om de tún net mear te sproeien. "Yn Brabân is it wer in stikje waarmer as yn Fryslân, en dan giet it noch hurder", seit Schippers dêr oer. It wetterbedriuw wurket mei in reservekapasiteit fan 5 persint, mar giet dêr hurd trochhinne, omdat Fryslân de lêste tiid frijwat nije bedriuwen krigen hat dy't wetter nedich hawwe, lykas de nije suvelfabriken op It Hearrenfean. "De Fryske befolking is stabyl, of nimt sels wat ôf, mar tagelyk sjogge wy dat it wetterferbrûk tanimt", fertelt Schippers. Om dêr wat oan te dwaan wurdt op dit stuit de produksjekapasiteit fan Vitens yn Noardburgum útwreide.