PvdA Achtkarspelen stribbet nei 'linkse gearwurking'

22 jun 2017 - 06:53
Roazen mei in gedicht foar de âldste PvdA'ers - Foto: PvdA

PvdA Achtkarspelen fynt dat de linkse partijen yn de gemeente oparbeidzje moatte. De sosjaaldemokraten sille dêroer meikoarten yn petear mei de fraksjes fan SP en GrienLinks yn de gemeente. Der wurdt op ynformele wize praat, sûnder aginda, seit foarsitter Theun Nicolai fan de PvdA-fraksje. De striid tusken PvdA, SP en GrienLinks docht neffens him gjin fan dy partijen goed en de ynfloed fan links ferwetteret dêrtroch.

Nicolai tinkt dat de partijen inoar krekt fersterkje kinne. Ledeferlies by de PvdA, fergrizing fan it ledebestân en ferskate ferkiezingsnederlagen freegje om beried, stelt Nicolai. ,,De traditionele politieke ankerpunten werken niet meer. Niet voor politieke partijen, noch voor de kiezers. Het stemgedrag van de kiezer is vluchtig en niet vastomlijnd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)