Hoe soe it wêze, in Waadsee sûnder diken?

Studinten en ûndersikers út hiel Nederlân komme tongersdei nei Ljouwert ta om te praten oer in idee dat op it earste each wat nuver liket: in Waadsee sûnder seediken. De Jonge Waddenacademie organisearret in sympoasium oer dat idee.
It soe samar wêze kinne dat de hjoeddeistige foarm fan kustbewaking op termyn ûnhâldber is, sizze se, trochdat de seespegel omheech giet, wylst de grûn sakket. Se sykje nei oplossingen, mar it doel fan it sympoasium is foaral om frij te tinken en ideeën út te wikseljen oer hoe't in Waadseegebiet der sûnder seediken út sjen kin.