EU-hantekeningaksje foar Frysk en oare talen no online

21 jun 2017 - 21:59

De Europa-brede hantekeningaksje foar minderheidstalen Minority Safepack Initiative kin no online tekene wurde. It giet om in Europeesk boargerinisjatyf om de rjochten fan minderheidstalen, lykas it Frysk, te beskermjen. It boargerinsjatyf is jildich as binnen in jier tiid yn hiel Europa in miljoen minsken harren hantekening set hawwe. Foar Nederlân leit de noarm op 20.000 hantekeningen. 

As genôch minsken tekene hawwe, komme der Europeeske maatregels foar de beskerming fan it Frysk en oare minderheidsheidstalen. Dan kin tocht wurde oan maatregels op it mêd fan ûnderwiis, kultuer en audiofisuele media. Neffens inisjatyfnimmer FUEN praat ien op de tsien boargers fan de EU in minderheidstaal. It inisjatyf kin no al on-line ûndertekene wurde. It is it doel dat der nei de simmerfakânsje in publykskampanje foar it boargerinisjatyf. 

(advertinsje)
(advertinsje)