Hoantsje nei trije jier werom op tsjerketoer Harns

22 jun 2017 - 06:45

Nei hast trije jier komt it hoantsje werom op de toer fan de Grutte Tsjerke yn Harns. De hiele restauraasje kostet mei-inoar 150.000 euro. Dat jild is nedich omdat de tsjerketoer foar in part ferrotte is. It tsjerkebestjoer wol by de renovaasje safolle mooglik âlde materialen op 'e nij brûke. 

It duorre lang foardat dat it jild byinoar wie, omdat net fuortendaliks dúdlik wie wa't it betelje moast. Troch subsydzje fan de provinsje kin de renovaasje no úteinsette. De hoanne, mei 550 kilogram net in lichte jonge, moat yn augustus wer op de toer stean.

Trefwurden: 
hoanne Grutte Tsjerke Harns
(advertinsje)
(advertinsje)